Earste fideokonsult Amelân

05 sep 2008 - 14:51
  • De ynterniste praat mei de pasjint...

Pasjinten op It Amelân hoege net mear perfoarst nei de wâl foar in besite oan in spesjalist yn it sikehûs. Mei in fideoferbining kin no kontakt lein wurde mei de ynternist yn sikehûs De Sionsberg. Mei in demonstraasje is de proef freed út ein set.

De Sionsberg wol útsykje wannear't it nedich is dat in pasjint sels komt en wannear't in fideokonsult genôch is. As blykt dat it fideokonsult goed foldocht wurdt it ek op oare eilannen en foar mear spesjalisten ynfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)