Fryslân: 20.000 huzen der by

05 sep 2008 - 14:20

De provinsje Fryslân wol de kommende jierren de bou fan hast 20.000 huzen tastean. Dat is de helte fan wat de gemeenten oan plannen ha. Neffens de provinsje is der oant 2016 ferlet fan 16.000 wenten. De provinsje stiet de bou fan 4.000 wenten ekstra ta om romte te hawwen foar spesjale fersiken fan gemeenten.

Neffens de provinsje moat goed sjoen wurde nei watfoar huzen der komme. Der soe benammen ferlet wêze fan wenromte foar senioaren en jongerein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)