Skeeler-WK: gjin Frysk súkses

© Omrop Fryslân
Der is nei de earste dei noch gjin sukses behelle troch de Friezen op it WK Skeelerjen yn it Noard-Spaanske Gijon. Elma de Vries waard 23ste op de tsien kilometer puntekoers. Se wie dêrmei wol de bêste Nederlanner.
Ruurd Dijkstra fan Nijeholtwâlde waard op de 15 kilometer puntekoers útskeakele trochdat hy foel. Ek Mannon Kamminga fan Haulerwyk waard it slachtoffer fan in fal. By de junioaren hie se dêrtroch op de puntekoers gjin kâns op in medalje.