Man slacht mei rym op Weaze

© Omrop Fryslân
In man (23) út Ljouwert is tongersdeitejûn oan de Foarstreek oanhâlden nei in fjochtpartij. De Ljouwerter hie earder op De Weaze mei syn broekrym swaaid. Hy miste op in hier nei in famke. Wol rekke er in man.
De Ljouwerter naaide út, mar waard efterfolge troch it slachtoffer en oare manlju. Doe't de plysje tuskenbeide komme woe, joech de Ljouwerter in plysjeman in klap. De man waard meinommen nei it buro.