Foarljochting oer hepatitis

© Omrop Fryslân
Jonge homoseksuele manlju binne lestich te benaderjen en witte dêrtroch net genôch fan de geslachtssykte hepatitis. GGD Fryslân wol dêr wat oan dwaan mei in nije foarljochtingskampanje mei de titel 'Man of Mietje'. De nije wize fan foarljochting moat der foar soargje dat de homoseksuele man him ynintsje lit.
Hepatitis B is in grut probleem yn Nederlân; ien op de tsien homo's hat de krupsje.