Gemeente tsjin Cambuur Flyers

04 sep 2008 - 19:15

De gemeente Hearrenfean docht alle war om foar te kommen dat iishockeyklub Flyers fierder giet as Cambuur Flyers. Wethâlder Buwalda sjocht it net sitten dat Flyers ûnder de namme Cambuur fierder giet en dat se yn it Thialf-stadion spylje mei giel-blauwe shirts.

Buwalda fynt it spitich dat it bestjoer net earder kontakt opnaam hat. Hy wol no besykje te helpen by it finen fan sponsoaren. De klup hat gjin opfolger fûn foar Vadeko dat it kontrakt as haadsponsor net ferlingde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)