Rekordtal films Filmfestival

© Omrop Fryslân
Op it Noardlik Filmfestival draait dit jier in rekordtal fan 170 films. It jierlikse festival begjint op woansdei 5 novimber en duorret oan de sneins dêrnei. It fynt plak yn Ljouwert en op de eilannen Skylge en Flylân. De artistike lieding is yn hannen fan Myriam van Lier. Sy ferfangt Anneke van Renssen, dy't bykomme moat fan al har aktiviteiten.
Omrop Fryslân komt dit jier op it festival ûnder oare mei in film oer keatser Chris Wassenaar.