Oanlis parslieding leit stil

© Omrop Fryslân
De oanlis fan in parslieding oan 'e Aldlânsdyk yn Ljouwert leit stil. Foar de boufak moast de put klear wêze, mar der wurdt al in skoft net mear wurke. De buizen lizze noch gewoan op it fytspaad tusken it Drachtsterplein en de stopljochten by it plysjeburo. Fytsers moatte al tiden omfytse.
De gemeente hat it materiaal ôfkard fanwege in ferkearde las. Dat kin lekkerij jaan. Nei ferwachting sil de oanlis yn desimber klear wêze en oars wurdt it takom jier.