Eksposysje skilder Janzen

Sjoerd Janzen: 'Unterbrechung'
Twa jier nei syn dea wurdt it wurk fan keunstner Sjoerd Janzen útstald by Galery Steven Sterk op 'e Gordyk. Te sjen binne de wurken dy't de keunstner makke yn 'e lêste moannen foar syn dea. Janzen kaam yn dy dagen ta in yndrukwekkende produksje fan twa skilderijen yn 'e wike.
De útstalling wurdt sneon iepene en is in wike te lang te besjen.