Nije spylsters SC Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De froulju fan Sportklub_Hearrenfean ha der trije nije spylsters by. It giet om Ilse Meekma, Carmen Manduapessy en Sishut Hau. Dizze trije froulju ha de ôfrûne wiken staazje rûn by it team fan trainer Harry Sinkgraven.
De seleksje is mei de komst fan de nije oanwinsten folslein en bestiet út 19 spylsters. Tongersdeitejûn spilet Hearrenfean tsjin Roda JC.