Losrinnende bisten te plak

© Omrop Fryslân
It kontrakt foar bisteopfang tusken de gemeente Achtkarspelen en twa opfangen wurdt dochs ferlingd. De gemeente woe it kontrakt mei bistepensjon Koers yn Koatstertille earst opsizze. Mar út ûndersyk docht bliken dat dêr gjin misstannen binne.
By Bouvierkennel Fan ´t Fryske Lân yn Droegeham wiene problemen mei de plysje. Troch bemiddeling fan de boargemaster binne dy problemen no oplost. Dêrmei is de opfang fan hûnen en katten wer regele yn ´e gemeente.