Stadionferbod Cambuur opheft

© Omrop Fryslân
Steffen_Hansma út Jelsum mei wer nei de wedstriden fan Cambuur. De 21-jierrige Hansma krige earder dit jier in stadionferbod. Dat wie omdat er der fan fertocht waard nei in Cambuur-wedstriid syn middelopfinger opstutsen te hawwen nei plysjes.
Ferline wike bepaalde de rjochter dat Hansma net ferfolge wurdt foar dy aksje, omdat er net genôch bewiis is dat er syn middelfinger opstutsen hat. Nei oanlieding fan dy útspraak hat de KNVB it stadionferbod no opheft.