KvK bliid mei idee foar FOM

© Omrop Fryslân
De Keamer fan Keaphannel Noard is entûsjast oer it idee fan deputearre Galema om in Friese Ontwikkelingsmaatschappij (FOM) op te setten. Dat seit direkteur Jansen. Hy is bliid dat de provinsje de ambysje hat om Fryslân op dy manier ekonomysk fierder te ûntwikkeljen.
Wol fynt Jansen dat de Keamer fan Keaphannel in rol spylje moat yn 'e nije organisaasje. Jansen is net sa bliid mei de namme. FOM liket te folle op NOM.