Beammen mooglik beskerme

© Omrop Fryslân
Mear as fiifhûndert beammen yn Snits krije mooglik in beskerme status. As de gemeenteried oer oardel wike ynstimt mei it foarstel foar sa'n status, meie de beammen tenei allinnich by hege útsûndering omkapt wurde.
Under de status falle monumintale beammen en beammen dy't karakteristyk foar de omjouwing binne. Hûndert beammen binne eigendom fan partikulieren. Dy binne al op 'e hichte brocht fan 'e mooglike status.