Noch ûndúdlikens oer N381

04 sep 2008 - 09:49

Der is noch hieltyd ûndúdlikens by de bewenners fan Donkerbroek oer wêr't de omlizzing fan 'e wei N381 komt te lizzen. Der wurdt al jierren praat op hokker plak it trajekt komme moat. Guon bewenners wiene net tefreden oer de plannen en aksjegroepen kamen mei alternativen.

Der wiene alve ferskate plannen. De provinsje hâlde in ynrinmerk om de bewenners yn te ljochtsjen oer dy alternativen. Dêrtroch waard it foar in soad besikers net folle dúdliker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)