Wurkleazen meitsje nije start

© Omrop Fryslân
Yn Aldeboarn wurdt tongersdei de twadde Fryske winkel fan supermerkûndernimming Support en Co iepene. Minsken dy't lang wurkleas binne krije dêr in kâns om wer oan 'e slach te gean. Earder barde dat ek al yn 'e doarpswinkel fan Jirnsum.
Njonken fiif wurkleazen wurkje der ek personielsleden fan de foarige eigner. De gemeente Boarnsterhim wurket mei oan it inisjatyf. Dy leveret kandidaten foar in baan as grienteboer of kassafrou.