Stenden wreidet út nei Berlyn

De Stenden Universiteit yn Ljouwert iepent in festiging yn Berlyn. Dat makke bestjoersfoarsitter Veenstra woansdei bekend by de iepening fan it nije skoaljier. Berlyn wurdt, nei Katar, Tailân en Súd-Afrika, de fjirde bûtenlânske festiging fan Stenden.
Doel is om it ynternasjonale karakter fan de eardere CHN mear nei bûten te bringen. Ek wurdt it foar studinten yn Ljouwert in stik makliker om ûnderfining op te dwaan yn it bûtenlân.