Snelboat lit damwand fersakje

03 sep 2008 - 19:36
  • De Tiger yn 'e haven fan Harns

De nije snelboat fan Rederij Doeksen, de Tiger, hat derfoar soarge dat in damwand by it oanlisplak fan de fearboat fan Flylân fersakke is. Dêrom meie der fan tongersdei ôf gjin frachtweinen mear op it oanlisplak yn Harns stean.

De grûn ûnder de damwand wurdt troch de swiere motoaren fuortblaasd. De bestrjitting kin dêrtroch ynsakje. Doeksen en Rykswettersteat wurkje oan in oplossing om frachtweinen dochs op de boat nei Flylân te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)