Nije byb Bilgaard iepen

© Omrop Fryslân
De nije biblioteek yn wyksintrum Bilgaard yn Ljouwert is woansdei offisjeel iepene. Dat wurdt dien troch de Ljouwerter wethâlder Yvonne Bleize. De biblioteek is al sûnt ein juny yn gebrûk.
De nije biblioteek wie nedich nei de brân yn it winkelsintrum fan twa jier lyn. De biblioteek hat der ek in nije foarsjenning by krigen. Leden fan 55 jier en âlder kinne har boeken tenei thús besoargje litte.