CD mei Fryske Sinteklaaslieten

03 sep 2008 - 13:50

Der komt meikoarten in nije cd mei Fryske Sinteklaasferskes. Oan de cd wurkje tal fan artysten mei lykas Piter_Wilkens, Gurbe_Douwstra, Hindrik van_der_Meer en Meindert_Talma. It idee fan de cd komt fan Stifting Warber Fryslân. Dy hat as doel it Frysk by bern te stimulearjen.

Freed wurde opnames makke foar de cd dy't oer in pear wiken te keap is. Alle skoallen krije fergees in eksimplaar tastjoerd. Der komme âlde en nije ferskes op te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)