'Ferbod mobyl giet te fier'

De learlingen fan it Lauwers_College yn Bûtenpost binne tsjin in ferbod op mobile tillefoans op skoalle. Neffens har is it net nedich. De direksje tinkt deroer om de mobyltsjes net inkeld yn de klasse, mar ek yn de kantine en op de gongen te ferbieden. De lieding wol dêrmei foarkomme dat filmkes op ynternet komme dy't yn en om skoalle hinne makke binne.
De learlingeried fan it Lauwers College fynt in ferbod te fier gean. De bern tinke nei oer in alternatyf.