Provinsje hat begrutting klear

de begrutting is rûn
De provinsje wol dat Fryslân in eigen ûntwikkelingsmaatskippij krijt. Dat sei deputearre Galema woansdei by de provinsjale begrutting fan takom jier. Yn de perioade oant 2013 leit der foar de noardlike provinsjes 350 miljoen euro oan eksterne fûnsen klear.
It bedriuwslibben en ûnderwiisynstellings soene mei de provinsje plannen ûntwikkelje kinne om dat jild nei Fryslân ta te heljen. De provinsje sil yn 2009 58 miljoen euro ekstra ynvestearje.