SCEM hat stipe nedich

03 sep 2008 - 10:18

De Snitser stichting SCEM driget yn de swierrichheden te kommen. SCEM hâldt kulturele jûnen yn de Martinitsjerke yn Snits. Neffens wethâlder Van den Broek moat Scem 20.000 euro krije om it program dit seizoen út te fieren.

De jildpine is feroarsake troch dat de gemeente by de oprjochting fan SCEM de oanrinkosten net op har noed nommen hat. Kulturele jûnen wienen in betingst fan it Ryk doe´t jierren lyn ekstra jild jûn waard foar it opknappen fan de Martinitsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)