Defekt mooglik oarsaak brân

03 sep 2008 - 09:56

De brân yn kafee De Kletser yn Snits is nei alle gedachten ûntstien troch in technysk defekt. Dat tinkt de technyske rezjerzje. Dy hat tiisdei ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân. Neat wiist op brânstifting.

It kafee oan de Marktstrjitte baarnde moandeitejûn folslein ôf. Trochdat de brânwacht der gau by wie, koe foarkaam wurde dat it fjoer oersloech nei in hotel en it stedhûs njonken it kafee. It is noch net bekend hoe grut at de skea is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)