Opera moat mear minsken lûke

03 sep 2008 - 09:51

De trije noardlike skouboargen wolle mear minsken nei opera lûke. Mei help fan de webside www.operaraaktje.nl en in brosjuere moat in besite oan de opera leechdrompeliger wurde. No geane benammen âldere en rikere minsken nei in foarstelling yn it teater wylst útfierings yn de bûtenloft ek populêr binne by oare groepen.

It jaan fan ekstra ynformaasje oer bygelyks de ynhâld fan in stik en it oanbieden fan kursussen moat dy lêste groepen ek nei it teater lûke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)