Mobyltsjeferbod op skoalle

Yn skoalle: mobyl yn de tas!
Skoallemienskip it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost wol op de hiele skoalle de mobyltsjes ferbiede. No is it brûken allinnich ferbean yn de lokalen, mar ek yn de hal en de kantine mei aanst de tillefoan net mear oanstean.
De direksje wol mei de maatregel grinzen stelle oan it brûken fan it mobyltsje. In soad bern brûke se net allinnich om mei te beljen mar ek om filmkes te meitsjen. Sa wol de skoalle de fersprieding fan kwetsende bylden op ynternet foarkomme.