Twangsom fanwege reklamebak

02 sep 2008 - 15:13

In winkel yn de Midstrjitte op ´e Jouwer moat fan de gemeente Skarsterlân de reklamebak fan ´e gevel helje. De gemeente fynt de ljochtbak te grut en de letters te drok fanwege it kleurgebrûk. It soe dêrom net yn ´e strjitte passe.

De gemeente hat de eigner al twa kear frege de reklamebak fuort te heljen. Om´t dat net bard is, kriget de eigner in twangsom oplein fan 250 euro yn de wike, mei in maksimum fan 5000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)