Bedriging freondinne fia dûmny

© Omrop Fryslân
In DJ (37) fan Kollumersweach moast tiisdeitemoarn foar de rjochtbank yn Ljouwert ferskine. De man wurdt fertocht fan it bedriigjen fan syn eks-freondinne. Dat soe er dien hawwe mei smskes en telefoantsjes nei syn dûmny.
De man siet earder al in heal jier fêst om´t er mei in auto op syn eks-freondinne ynriden wie. Dêrfoar moast er foar de rjochter ferskine fanwege it bedriigjen, mishanneljen en stalken fan oare eks-freondinnen. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.