Undersyk nei brân út ein set

It útbaarnde kafee De Kletser
De technyske resjerzje begjint tiisdei mei it ûndersyk nei de oarsaak fan de brân, moandeitejûn yn kafee De Kletser yn Snits. It kafee yn de Merkstrjitte baarnde folslein ôf.
De útbaters fan it troffen kafee binne opfongen troch slachtofferhelp. Se binne bot oandien troch de brân. It kafee is noch mar in wike of seis iepen. Op it lêste momint koe de brânwacht foarkomme dat de brân oerslaan soe nei it stedhûs.