Mear pasjinten foar MCL Harns

02 sep 2008 - 12:21

Hieltyd mear minsken út Noard-Hollân meitsje de reis oer de Ofslútdyk om harren behannelje te litten yn it MCL yn Harns.

Om´t der yn de sikehûzen yn Alkmaar en Den Helder lange wachttiden binne, komme dy pasjinten graach nei Fryslân. Wylst yn Alkmaar de wachttiid foar in behanneling trije moanne is, is dat yn Harns mar in wike. Goed nijs foar it sikehûs dat earder ynkrimpe moast fanwege jildkrapte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)