150 boetes by plysjekontrôle

© Omrop Fryslân
By in grutte kontrôle yn Súdwest-Fryslân hat de plysje moandei mear as 150 bekeurings útdield oan automobilisten. De measten krigen in bon omdat se te hurd rieden.
De plysje kontrolearre dêrneist by ferskate bedriuwen. Guon fan dy bedriuwen hâlden harren net oan de regels en wurde ynkoarten opnij kontrolearre. Wat der krekt net yn oarder is, wol de plysje net sizze. De plysje sil faker dit soart grutte kontrôles hâlde.