Van Ruijven giet by Akademy wei

02 sep 2008 - 07:37

Underwiissosiologe Bernie_van_Ruijven giet by de Fryske_Akademy wei. Se sil oan de slach by de provinsje Drinte. Van Ruijven sette de ûnderwiisproblemen yn Fryslân op de kaart.

Se hâlde by de Akademy yn ´e gaten oft bern mei wille nei skoalle giene en hoe´t it siet mei de ûnderwiisefterstannen. Oan de hân fan dy gegevens krige de provinsje Fryslân mear jild fan it Ryk om de problemen op te lossen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)