A32 by Teridzert oanpakt

01 sep 2008 - 20:04

De A32 tusken It_Hearrenfean en de grins mei Oerisel sil woansdei oanpakt wurde. De dyk is sûnt 12 augustus sletten, omdat der tefolle spoarfoarming yn de dyk sit. Dat komt troch de fundearring dy´t net goed is.

De slimste kûlen sille no earst tichtmakke wurde, sadat de dyk wer brûkt wurde kin. It is noch hieltiten net dúdlik hoe´t it kin dat de fundearring fuortslein is. Sa´n probleem hat Rykswettersteat noch nea earder hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)