Fotowedstriid grut súkses

Mar leafst 1176 foto’s binne ynstjoerd foar de Simmer yn Fryslân-fotowedstriid fan Omrop_Fryslân. Yn july en augustus koe eltsenien syn of har foto ynstjoere mei de simmer yn Fryslân as tema.
Alle ynstjoerders meitsje kâns op ien fan de trije fytsen dy’t as haadpriis beskikber steld binne troch Jan_Terpstra_Tweewielerspecialist. Ferwachte wurdt dat, nei wiidweidich beried fan de sjuery, de winners op 26 septimber bekendmakke wurde kinne.