Underskieding prof. Breimer

© Omrop Fryslân
Professor Douwe_Breimer krijt moandei in wichtige ûnderskieding fan ´e Ryksuniversiteit Grins. De âld-rektor-magnifikus fan ´e Universiteit fan Leiden krijt de Ubbo_Emmiuspenning foar wittenskiplike fertsjinsten.
Breimer is berne yn Aldemardum en studearre farmasy oan de Universiteit fan Grins. De Ubbo Emmiuspenning wurdt ien kear yn ´e fiif jier útrikt. Breimer krijt de ûnderskieding omdat er in soad bydroegen hat oan de wittenskip, ek bûten syn eigen fakgebiet.