Fast Ferry allinnich mei stipe

Fast Ferry: der moat wol jild by...
In toeristyske boatferbining de Fryske kust bydel kin net sûnder stipe fan de oerheid. Snein wie de lêste ôffeart fan de Fast_Ferry tusken De_Lemmer en Koarnwertersân. Connexxion hat op dy rûte as proef in moanne lang mei in rappe draachfleugelboat fearn.
Der waarden 5000 beteljende gasten ferwachte, mar dat waarden der mar 2000. Wol die út stekproeven bliken dat de reizgers hiel entûsjast wiene, ek al hie de Fast Ferry geregeld lêst fan de hurde wyn.