Jier gjin konserten yn Bolwurk

01 sep 2008 - 11:51

Der binne in jier lang gjin optredens yn poppoadium it Bolwurk yn Snits. DE seal wurdt renovearre en ûnderdiel fan it nije Sintrum foar de Keunsten. De wurksumheden sille mei-inoar acht moanne yn beslach nimme.

De buert sil gjin oerlêst ûnderfine fan de ferbouwing. Earst wurdt it dak oanpakt, dêrnei de fundearring. It Bolwurk is it âldste en ien fan de wichtichste poppoadia fan Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)