Stront op wenhûs smard

© Omrop Fryslân
In wenning oan de Salomon_Levystrjitte yn ´e Westereen is it ôfrûne wykein mei stront besmard. Oan de flaggemêst en antenne fan de auto hongen ruften mei stront deryn. De ruten fan it hûs binne mei pindasaus besmard.
De bewenners fan it hûs ûntdutsen de smoargens sneintemoarn. Se sizze dat it in asosjale buert is dêr´t se yn wenje, mar se wolle harren net fuortjeie litte.