Heymans: fierder mei Helios

01 sep 2008 - 11:08

Heymans_Vastgoed sil it Heliosprojekt fierder ûntwikkelje. Ofrûne freed waard dúdlik dat der mar sân fan ´e 36 wenten ferkocht binne fan it prestisjeuze nijbouprojekt yn fillawyk Blitsaerd. Neffens de gemeente Ljouwert sil Heymans it projekt oanpasse.

Benammen de mienskiplike parkeargaraazje soe minsken derfan wjerhâlde om in hûs te keapjen. Oft der in oplossing komt foar de minsken dy´t al in hûs kocht hawwe, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)