Mariska Kramer wint Ironman

01 sep 2008 - 08:45

Mariska_Kramer hat dit wykein de Ironmantriatlon yn Louisville wûn. It is de twadde kear dat de atlete fan Drachten sa´n prestaasje delset. Trije jier lyn wûn se yn Nice har earste Ironman. De wedstriid bestiet út 3800 meter swimmen, 180 km fytsen en 42,2 kilometer hurdrinnen.

De prestaasje is opfallend omdat Kramer ferline jier fanwege in slepende blessuere besletten hie om foarearst op te hâlden mei lange triatlons.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)