Trio Berkepas wint Huzum

31 aug 2008 - 18:00

It partoer fan Klaas_Berkepas, Jan Willem van Beem en Daniel Iseger hat snein de frije formaasje partij fan Huzum wûn. Yn in spannende finale wiene se te sterk foar Johan van der Meulen, Herman Sprik en Taeke Triemstra.

Yn de finale kaam 'alles oan de hang' en by dy stân sloech Jan Willem van Beem de bal retoer perk. It wie de earste frije formaasje oerwinning fan it seizoen foar it partoer fan Klaas Berkepas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)