De Vries nimt ôfskie mei titel

Mered de Vries
Mei de Nederlânske titel by it beachfoljebaljen nimt Mered_de_Vries ôfskie fan de sport. De fan oarsprong Harichster spilet takom wike tegearre mei Sanne Keizer noch ien toernoai yn Poalen en dan hat it moai west.
Neffens De Vries is it bedriuwen fan topsport finansjeel swier en boppedat wie der ek gjin full-time trainer beskikber. Dêrom kiest se no foar in maatskiplike karriêre.