Michael Bradley nei Dútslân

Michael Bradley
Hearrenfean-spiler Michael_Bradley ferhuzet nei alle gedachten nei it Dútske Borussia Mönchengladbach út de Bundesliga. De middenfjilder siet snein op de tribune by de wedstriid tsjin Volendam. Nei dy wedstriid is hy fuortendaliks nei Dútslân gong om medysk keurd te wurden.
Hearrenfean en Gladbach binne der al út en neffens direkteur Yme Kuiper krijt syn klub in goeie fergoeding foar Bradley. De Amerikaan hie noch in kontrakt fan ien jier by de Feansters.