Ynbraak yn Ljouwert

31 aug 2008 - 15:17

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Ljouwert twa manlju fan 30 en 50 jier oanhâlden omdat se ynbrutsen hiene. De plysje seach de twa riden doe't se ûnderweis wiene nei de melding fan in ynbraak by in bedriuw oan de Jupiterwei yn de stêd.

By it gebou wie in doar skânsearre. Op it earste each waard der neat fermist. De auto dy't sjoen wie, waard efkes letter by in loads fûn. De twa manlju wiene yn de loads. Se binne meinommen nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)