Van der Pal sterk op Iron-man

Stefan van der Pal (argyffoto)
Atleet Stefan van der Pal fan Ljouwert hat sneon poerbêst prestearre by de Iron-man yn Almere. Hy einige nei 3,8 kilometer swimmen, 180 kilometer fytsen en 42,2 kilometer draven op it 12e plak.
Van der Pal kaam yn in tiid fan 9 oeren, 7 minuten en 20 sekonden oer de einstreek. Ferline wike waard er Frysk kampioen duatlon yn Drachten. De oerwinning op de Iron-man gie nei de Belg Gerrit Schellens. Hy die der 8 oeren, 22 minuten en 49 sekonden oer.