23.000 besikers Frysk Festival

30 aug 2008 - 17:03

It Frysk Festival hat 23.000 besikers lutsen. Dat hat de organisaasje bekend makke. De grutte publykslûkers wienen de lokaasjefoarstellings Lân, Rite fan Wetter, Compagnie Marius en Gleone Gloede. Foar de lytsere foarstellings wie minder belangstelling. Fan de 23.000 kaarten waarden der 14.000 ferkocht, de rest wie frijkaart.

De organisaasje neamt de opkomst posityf, mar hie yn it foar op mear besikers rekkene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)