Kennedymars Wâlden yn de lift

30 aug 2008 - 16:55

De belangstelling foar de Kennedymars fan Wâlterswâld sit yn de lift. Yn 2007 rûnen 365 minsken de tocht, dit jier binne it der al mear as 500. De 80 kilometer lange kuiertocht troch de Wâlden is foar echte trochsetters en giet ek nachts troch. Freedtejûn tsien oere binne de dielnimmers út Wâlterswâld ôfset.

Nachts binne 25 dielnimmers útfallen om't se it net mear folhâlde koene. Sneontemoarn krekt foar achten kamen de earste kuierders oer de streek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)