21 laptops stellen
Ut in skoalle oan de Kingmastate yn Ljouwert binnen yn de nacht fan tongersdei op freed 20 laptops stellen. De plysje tinkt dat de dief mei in falske kaai in doar forsearre hat.
En út in wenning oan de Keizersgracht waard freedtejûn in laptop stellen. Dêr kaam de ynbrekker binnen troch in rút te fernielen.