Popov mear as moanne bûtenspul

Goran Popov út 'e running
Sportclub Hearrenfean kin de kommende tiid net beskikke oer de nije oanwinst Goran Popov. De Masedoanyske ferdigener rûn yn de oefenwedstryd tsjin Real Sociedad in meniskusblessuere op. Popov wurdt takom woansdei operearre en stiet dan minimaal in moanne bûtenspul.
Earder heakken Geert Arend Roorda, Kristian Bak Nielsen en Bonaventura Kalou fanwege blessueres al ôf foar de start fan it nije seizoen.