Soad publyk by Sware Grônd

Grutte belangstelling foar Sware Grûnd
Mear as 1000 taskôgers binne freed ôfkommen op Sware Grônd, de dûnsfoarstelling mei lânboumasines by Swarte Hoanne. Op in komposysje fan Peter Sijbenga en koreografy fan Grietine Molenbuur dûnsen masines en trekkers dy't normaal brûkt wurde foar de ierappeltylt.
It stik hyt Sware Grônd en giet oer de relaasje tusken de ierde en de eleminten. De foarstelling is yn it ramt fan it Jier fan de Ierappel en de Bildtse Eerappelweken.